Doete Groenewoud en de Jan Jochums Visser Stichting.

Doete Groenewoud en de Jan Jochums Visser Stichting.
Jan Jochums Visser, in âld-Suwâldster, is al op 16 augustus 1979 mei in tehûs foar kânsearme berne begûn, op it eilân Luzon yn de Filippinen, yn it doarpke Sinipsip, net folle grutter as Suwâld, mar dan heech yn ‘e bergen. Dit tehûs krige de namme ‘Grace Mountain Mission’, hjir wie ek in Kristlike skoalle by en der waard letter ek in tsjerke by boud.
Neidat Jan begjin 1983 wer werom gien wie, nei in besyk oan syn famylje hjir yn Suwâld, nimt ds. Dorst kontakt mei him op fia in brief, mei de fraach wat der allegearre nedich is oan ferlet op de kampus.
Jan hat doe hjirop antwurde mei in wiidweidige brief.
Doe hat Doete Groenewoud, dy’t op dat momint as sekretaris yn de Diakonije siet, in oprop yn it tsjerkekrantsje setten (dy fan july/aug. 1983), mei de fraach as wy him ek helpe wolle. Dizze brief is hjir ûnder de advertinsje ôfdrukt.
Sa kaam it hiele doarp doe te witten fan Jan Visser syn belangrike wurk op ‘e Filippinen.
De Stichting Jan Jochums Visser is yn 1991 oprjochte. Doete hat hjir oant en mei 2009 as bestjoerslid ynsitten, earst as sekretaris en letter as foarsitter. Dat wie dus 18 jier, mei de 8 jier deroan foarôf hat se meiinoar 26 jier lang foar de Stichting yn ’t spier west.
Wy kinne hjir wol út opmeitsjen dat de Jan Jochums Visser Stichting en de GMM net wêze soe wat it no is, sunder de help fan Doete. Sy wie oant lêst ta noch belutsen by de Stichting. Wy binne har dêr tige erkenlik foar.
Nammens de Stichting J.J. Visser, Suwâld
FAN IT SINDINGSFJILD
Jan fan Jochums Jeltje, astewol Jan Visser, noch gjin begrip, mar wol bekend by in protte âld-Suwaldsters. Hopenlyk wurdt hy in begrip yn ús fermidden. Koartlyn hat Jan Visser hjir by syn fam. (suster Hieke Visser) útfanhûze. Guon fan ús hawwe mei him praat en hiel wat nijs fan him opdien.
Jan Visser, sa'n 57 jier âld, is fan Suwâld nei Canada gien.
Dêr hat hy mei syn famylje in bernetehûs oprjochte. Dat tehûs hat dit jier 25 jier bestien. Jan hat dêr hinne west om in rede te hâlden. Gjin slochtweihinne praatsje, nee, want Jan is sindeling. Hy bringt mei died en wurd it boadskip fan syn Sinder.
Fanút Canada gong er nei Indonesië. Jan hy dêr noch kunde, omdat hy dêr as soldaat tahâlden hie. Dêr prebearre hy ek in tehûs foar kânsearme bern op te rjochtsjen. Dat slagge al, mar jammer genôch seach de regearing him as in politike fijân. Doe't de regearing syn fisum net ferlenge woe en him socht, wy Jan krekt op ’e tiid de grins oer. Syn Indonesyske freonen namen syn wurk oer. Sels bedarre hy op 'e Filippinen.
Dêr wiene ek in bulte kânsearme bern. Jan socht mei Gods help nije wegen. En ek dêr mocht hy in tehûs ynrjochtsje foar dizze bern. Dêr is gjin sindinggenoatskip as wat ek mar, dat syn wurk stipet. Jan en syn pear meiwurkers libje fan jûne giften fan freonen, hiel sober, sûnder lúkse.
Hja bearbeidzje dêr, mei de bern, de grûn yn 'e bergen. Sa komme se oan har iten. Mar dêr is safolle mear nedich. Hja hawwe dêr ek in skoalle by. En se bin no ek dwaande mei in bibelskoalle. It ûnderrjocht is sa belangryk, om sadwaande geastlyk en materieel har selsstannich rêde te kinnen.
Jan freget net en derom dogge wy dit mar. Hy wol graach in bemoedigjende brief hawwe fan gemeenteleden. En wat soe't moai wêze, as wy meielkoar wat jild byelkoar brochten, sadat wy him dêr mei helpe koene.
De diakonije stelt as earste wat beskikber, dogge jo dêr dan wat by? 't Kin brocht wurde nei: D. Groenewoud-Allema, Zuiderend 12. Dy 't Jan Visser skreauwe wol, hat it ûndersteand adres nedich:
Mr. Jan Visser
c/o Grace mountain academy
Sinipsip
Buguias, Benguet 0206,
PHILIPPINES